It finen fan nije bestjoersleden, it falt soms net ta. In probleem dat by in soad ferienings spilet. De Vrouwen van Nu sille dêrom oer nei fleksibel bestjoeren. Mei it ferdielen fan wurksemheden oer meardere minsken wolle se sa besykje mear draachkrêft foar de feriening ûnder de leden te ûntwikkeljen.