Flearmûzen yn Friens

Yn Friens, sjoch kaart, fleane der jûns flearmuzen om motten te fangen. Oerdei binne dizze bisten min te finen. Hja sitte oerdei ûnder oaren ûnder de dakpannen, yn holle beammen en yn spoumuorren (somtiden ek wol op souders) De earsten binne no nei de winter ferbliuwplakken wêr at de termometer net ûnder de 0 graden komt. Mids oktober binne de flearmuzen yn Friens  noch sjoen en heard troch Bartle de Leeuw.