Fiskje oan de Swette

Mei dit moaie waar wurdt it wer drok oan de Swette. Lekker sitte en út en troch de angel ris yn ’t wetter smite. Foar de minder faliden wie dat earst net goed mooglik. Mar no lizze der foar harren twa oanpaste fisksteigers.