FIRST LEGO League

Ype Dijkstra, Aldert Weima, Finn de Schiffart en in klasgenoatsje, ha as fertsjinwurdigers fan CSG Comenius út Ljouwert mei dien oan de regio finale fan de FIRST LEGO League. Dit is in ynternasjonale technologywedstriid foar bern fan 9 o / m 15 jier. Sy ha hjir sa wol de dei-priis as de saneamde innovatie-award wûn. Mei beide yn de bûse gean sy op 21 maaie nei de BeNeLux-finale yn Rotterdam en striide sy mei 23 oare teams yn dizze twa kategorieën.