Finalisten dûbelkampioenskippen Tennis

Yn goed oardel wike tiid, mei prachtich neisimmerwaar waarden dit jier de dûbelkampioenskippen tennis spiele. By de froulju diene fiif koppels mei. De manlju wiene ek goed op dreef; fjouwer koppels namen it hjir tsjin elkoar op.
Joop en Edward koene harren titel prolongearje, mar by dames- en mingd-dûbel wiene it nije koppels, dy’t nei in spannende wedstriid harren tsjinstanners fersloegen.