File yn Reduzum

Meastentiids sjogge je files by Ljouwert as yn de Rânestêd. Mar fannemoarn seagen je dit fenomeen ek yn Reduzum.
Troch in ûngemak op de A32 stie der in file op de Oerisselsestrjitwei foar de krúsing mei de Snitserdyk.