FIER komt mei nij stik

Yn novimber 2017 is de theatergroep FIER oprjochte. De teatergroep hat ek  as doelstelling tenminste ien kear yn de 3 jier mei in teaterstik te kommen, foar en troch de ynwenners fan de 4 doarpen. Yn maaie is der nei oerliz mei in tal ynwenners besletten foar in nij te skriuwen stik. Yn oktober sil der mear dúdlikheid oer wêze. Wol kinne we fêst “ferklappe”, dat dit stik net lykas OEDS yn it ferline spilet, mar dis kear yn it no en yn de takomst.