Wêr in lyts doarp grut yn wêze kin. Marike Compagne en Tjitske Roorda koenen fannemiddei út namme fan it Festipeval in cheque fan €8.078,57 oanbiede oan de Sakeclub. ‘We binne superbliid dat de aksje sa’n grut bedrach opsmiten hat. Dit jout wol oan dat de ynwenners fan Reduzum, Idaerd, Friens en Eagum stean foar harren ûndernimmers’, sizze de froulju. Els Koopmans naam de cheque oan. Ek sy is tige ynnommen mei it bedrach. ‘Hjir sprekt in stik wurdearring út foar ús as lokale ûndernimmers en dêr kinne we grutsk op wêze. We sille soargje dat it jild goed te plak komt.’