Nei fret Friens op fuotten en happen en stappen wie it no in ferrassingsrintocht mei nei ôfrin in hearlike lunch wêr’t de Frienzers snein 29 april oan mei dwaan koenen. Der wie wer in grutte opkomst. Ferdield yn fjouwer groepen ha we in slach troch Friens dien. Op fjouweren plakken wie der in aktiviteit. Elkenien wie moai op tiid klear want doe’t we oan de hearlike lunch sieten foelen de earste drippen út de loft. Friens kin werom sjen op in tige slagge aktiviteit organisearre troch Pl.Belang Friens.