In protte Redústers sille har it “Terpteater” noch wol herinnerje: in grut iepenloftspektakel yn de tún achter it weinhok fan Galama. Justerjûn hie dyselde Jan Galama in ferrassing foar de Swin-Swette kommisje. Hy oerhandige it batich saldo fan dit barren (700 euro) oan foarsitter Henny Keizer fan Tusken Swin en Swette.