Op de Trije doarpen skoalle fine se it altyd fijn wannear der bern op it plein boartsje. Mar om spul kapot te meitsjen as in soad rommel efter te litten, fine se net sa fijn! Se fine it hiel spitich dat nei de krystfakânsje it skoalplein sa oantroffen is.
It soe moai wêze as dyjinge dy’t dit dien ha, har melde sille en we it wer netsjes meitsje kinne. Mei elkoar moatte we dochs wat om ús spullen tinke!