De ôfrûne wiken ha in protte minsken op sneintejûn wer sjoen nei Heel Holland Bakt 2016. Oare minsken bakke leaver sels. It waard ek beide dien, op snein wat lekkers bakke, om dêrmei jûns noflik foar de buis te sitten. Hoe dan ek, guon bakke se brún.
De winneres fan 2015, Sarena Solari, komt tongersdei by de Vrouwen van Nu fertelle oer har libben en har bak-aventoeren en in lyts mini kolleezje jaan oer de Italjaanske kultuer en it iten.