Foar it jubileumfeest fan doarpsbelang leit der foar de bern fan groep 1 o/m 8 fanôf 6 maaie yn skoalle in kartonnen flagge klear dy’t de bern sels fersiere meie. Foar de bern dy’ t op in oare basiskoalle sitte, leit de flagge klear op 7 maaie yn it Kaphûs, Haedstrjitte 24 . Op freed 10 maaie wurde de flaggen ophelle by de TDS en it Kaphûs. Dan wurdt der in moaie slinger fan makke en komme dizze yn feesttinte te hingje. Libje jimme út en meitsje der in moaie flagge fan!!