Feest foar Vrouwen van Nu

Se giene mei inoar út fytsen en bedarren sa op in moai plakje oan de Swette. Hjir stie kofje en tee mei wat lekkers foar har klear. In pear dagen letter wie der foar de leafhawwers in túnreiske en koe elk sjen hoe’t alles groeide en bloeide yn Bûtenpost. Nei de rûnlieding wie der foar de froulju in neisit yn it túnkafee. It slotstik wie in lúkse ‘cruise’ oer it Fryske wetter mei in high tea. Al mei al in tige slagge jubileumfeestwike foar de Vrouwen van Nu