Feest by de pjutten

Mei in grut bernefeest fierden juster de pjutten fan ‘de Eerste Wjukslach’ har lêste skoaldei. Alle bern en âlders kamen ferklaaid nei it sportfjild. Neist in grut springkessen wie der ponyriden en allegear oare spultsjes. Mei as klapper in klown dy’t mei ballonnen moaie figueren meitsje koe.