Feest by de pjutten

It wie hjoed feest op de pjutte-opvang! Se hawwe it sertifikaat ‘boartsjendewei in taal derby’ behelle.It belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. As ferrassing kaam Riemkje Hoogland-Pitstra (ûnder oare skriuwster fan de Tomke ferhaaltsjes) lâns mei de ferteljas! De pjutten ha mei nocht lústere nei Riemkje.Se binne ek noch nei skoalle west foar in poppekastfoarstelling.Dêrnei binne de bern noch oan it aaisykjen west. It wie in tige slagge moarn!