Famyljekeatsen

Op snein 26 augustus is der in spesjale ledepartij yn Reduzum it Famyljekeatsen! Op dizze dei hast de kans om mei dyn eigen famylje in formaasje te foarmjen en sa in prachtige sportieve striid mei oare famyljes oan te gean. Dus regelje in partoer mei dyn man, frou, heit, mem, soan, dochter, pake, beppe, omke, tante, neef, nicht, skoansuster of sweager! Opjêfte oant 23 augustus 19.30 by Piet Brouwer