It bestjoer fan Doarpsbelang is op syk nei in nije ponghâlder, dy’t fanôf april 2016 it bestjoer wer oanfulle wol. Dan sit de bestjoersperioade, fan 5 jier, der foar Sybe van der Schaar op.
Fragen oer de funksje of oanmeldings kin men kwyt by de bestjoersleden of troch Doarpsbelang@reduzum.com. It bestjoer fan Doarpsbelang freget no al in kandidaat om’t dy dan al fêst ynwurke wurde kin.