De Prinsentún is in pleisterplak foar fytsers en kuierders. Sa ek foar in famylje út Biddinghúzen ( trije generaasjes) doe’t se efkes skûlje moast foar de rein. Al jierren rinne se eltse simmer in wike lang in stik fan de 11-stêdentocht as Piterpad.
Dizze wike stie it noardelike diel fan de 11-stêdentocht op de planning, mei as eindoel Snits.
Underweis soargje oare famyljeleden foar de katering, en oernachtsje se yn kampeerbuorkerijen.