Der bin in oantal kuorbalploechjes yn de seal dy’t de Jeugdkommisje útroppen hawwe as kampioen omdat se dúdlik boppe oan stiene. De F2 wie der ien fan. Justerjûn binne se yn it sintsje setten troch de jeugdkommisje, mei de âlders Coronaproof bûten de hekken. Se krigen in medalje en in iisko en sille sadree it wer mei, mei it team noch nei de Mac Donalds.