Yn 1948 wurke Evert Wieling by Lute Hoekstra op Warniahuzen. Baukje Veenstra wenne en wurke op ’e Sweach by bakker Klaver. Sa’n oardel jier earder brocht Evert in pear nije klompen fan klompmakker De Groot fan Nij Beets nei Aldeboarn. Dy klompen wiene foar Pieter Terpstra. Pieter wie troud mei Lutske, in suster fan Baukje. En dêr yn Boarn wie dizze middei Baukje op besite en kaam Evert mei in pear nije klompen. Sa seagen se elkoar foar de earste kear. Dyselde jûns brocht Evert Baukje nei De Sweach. De fyts kaam op it dak fan de bus. De sneintejûns mocht hy werkomme. It hat noait wer ‘út’ west. Op 7 maaie 1948 binne se troud yn Beetstersweach. In houliksreis siet der net yn, want op âlde maaie 1948 kamen Evert en Baukje te wenjen yn de Lytse Wyngaarden yn Langsweagen. Dêr hie Evert him besteld by Frans van der Burg. It boerewurk gong altyd troch. Dat wie it begjin fan 60 jier ‘tegearre’.