Nei sa’n oardel wike komt der in ein oan it timmerdoarp yn de Master Gorterstrjitte. Prachtige dagen dêr’t de jeugd him prachtich fermakke hat mei spikers, hout en sa geweldige bouwurken makke hat. Om wille fan de waarfoarsizzing wurdt it doarp moarnier ôfbrutsen. De projektlieders kinne wol wat help brûke fan de bern mei harren heiten en memmen. Eltsenien dy’t moai brânhout foar de fjoerkoer of de houtkachel ha wol, kin lâns komme. Om 9.00 oere stiet der in lekker bakje kofje en miskien wol in oaljebol klear!