Echt wier, ús juf wurdt 50 jier

Moarn (16-06) wurdt juf Els 50 jier en hjoed fierde se dat mei de bern op skoalle. Fan ‘e moarn siet der in echte Sarah-juf by har lokaal, se waard tasongen troch de hiele skoalle en kryg fan de kollega’s in 50+ koer. Dêrnei mei de bern nei de pleats, mei trekker en wein fansels en feest fiere yn de skuorre. Want ja, ek in juf wurdt mar ien kear 50!