Earste artiesten foar Muzuder bekind makke

It Muzuderteam is al wer drok dwaande mei de tariedings foar Muzuder op 9 maart 2013. Der binne gesprekken mei ferskate bands om op dit geweldige festival te spyljen. Om jimme net langer yn spanning te hâlden hawwe se de earste namme bekind makke.
Dizze man, de Herman Brood fan Reduzum, de Andy Warhol fan de Bangmastrjitte, sil mei syn skilderijen mei “rock” ynfloeden eksposeare yn de tsjill-útromte.