Duvelske dame brout meesterlik bier

Net allinnich mannen hawwe ferstân fan bier. Gerda Huisman mei har foar it 2e jier de winner neame fan alle blik bier brouwers út Reduzum. Tegearre mei dochter Nora (soarge foar de finishing touch) hie se in duvelbier makke. Hjirfoar krigen se fan de deskundige sjuery de measte punten.
De oanwezige bierpriuwers joegen in oar oardiel; sy fûnen Jelle Roorda syn bier it bêste.