Durk van Gorkum 50 jier organist

As lyts jonkje siet er al graach efter it oargel. 50 jier letter is dat noch hieltiden sa. Snein fierde Durk van Gorkum dat er 50 jier organist wie fan de Hervormde Gemeente fan Reduzum, Idaerd en Friens.