Dûnsjend troch de simmer

De Braziliaanske Suzana Gomes hat it ôfrûne wykein 20 dames flink oan it wurk setten! Fan út alle hoeken fan it lân kamen de dielnimmers nei de dûnsworkshop organisearre
troch Ymkje Bouma. Entûsjasme wiene se ek oer de lokaasje en foaral oer de catering. De lekkere lunch fan Lambertus Zijlstra smakke sa best, dat de froulju meikoarten ek in kookworkshop ha wolle. Nei de fakânsje komt Suzana wer ris del, dan kin elk wer mei dûnsjen, ek de mannen.