Drokte foar peaskehazze

De peaskehazze hat it smoardrok hân fannewike. Foar de bern fan de Trije Doarpen Skoalle hie der allegear sulveren en gouden aaien ferstoppe. Mar ek de pjutten waarden net fergetten. Nei in poppekastfoarstelling gongen se op it plein mei de peaskehazze de ferstopte aaien opsykjen.