It liket wol dat elts fuort is, dizze wiken. Mar der binne ek in soad minsken dy’t de fakânsje brûke om hûs en hiem op te knappen. By Klaas en Sep leit de needbrêge al klear om it pún oer ôf te fieren dat út ‘e bijkeuken komt.
Hjoed meie omke- en tantesizzers Jelte en Lienke noch op ‘e brêge boartsje, mar moarn geane de kroaden mei pún der oer.