It wie drok yn’e Vincentiustsjerke fan Reduzum wêr’t sa’n hûndert minsken de krystnacht fierden. Oangripend wie it krystferhaal oer piloaten yn twadde wrâldkriich, dat Pieter Renia skreaun hie en fertelde. It Reduster Krystkoar û.l.f. Tjeerd Kramer paste amper yn it koar ûnder de preekstoel. Foargonger wie ús dumny Liesbet Geijlvoet en it oargel waard bespile troch Hayte Haytema. De besikers bleaune noch lang neipraten mei in gleske glühwein of druvesop. De tsjinst is hjir te beharkjen