Nei jierren studearjen koe lang om let de flagge út oan de Master Gorterstrjitte 40. Afke is promovearre yn de Rekreaasje en Toerisme (yn de leerstoel Parks, Recreation and Tourism Resources fan Michigan State University yn de USA). Har proefskrift, dat se troch in satellytferbining mei Amearika ferdigenje koe, hat se skreaun oer de relaasje tusken de frijetiidsbesteging en maatskiplike partisipaasje fan minsken yn Fryslân.