Sûnt 1936 rydt der in skoalbuske foar de bern út Friens, Idaerd en Tsienzerbuorren. De provinsje Fryslân is al in skoftke dwaande om dizze en alle oare bysûndere ferfiersmiddels yn Fryslân te ynfintarisearjen.
As foarbyld foar oaren sette se de meast bysûndere op film.
Bern út Friens en Tsienzerbuorren hiene hjir freed in lyts figurantenroltsje yn.
Kommende wike wurdt it donateursjild foar de skoalbus wer op helje.