Witte jimme it noch? Njoggen jier lien by de doarpshaven? It 2-de grutte TV spektakel fan Reduzum. In wike lang “het reilen en zeilen” fan Pieter en Lieuwe.In wike lang ús mienskip dy ’t harren presentearret oan Fryslân, oan de wrâld. En no 9 jier letter sjogge we der op werom. Kommende wike(n) fanôf freed 12 juny. Sil der in livestream te sjen wêze mei der yn: De âlde útstjoerings, nije petearen mei de haadrolspilers fan doe. Mar ek petearkes oer en mei de takomst fan Reduzum. Sjoch hjir efkes fjierder