Dêr is gjin fiskerslatyn by

Wa soe de grutste snoekbears fange? Mei 18 man sterk ha se de hiele dei der op út west. De buit: ien snoekbears. Winners Hindrik de Jager en Taco Velstra krigen út hannen fan Jeroen van Dijk in beker, dy’t noch grutter wie as de fisk dy’t se oan de heak slein hiene.