Ien kear yn de fiif jier betinke we yn de trije doarpen meiinoar de slachtoffers fan de twadde wrâldoarloch. Nei in stille tocht fanôf it tsjerkhôf, leinen de bern fan de Trije Doarpen Skoalle in blomstik del by it monumint foar de tsjerke. Hjirnei wie der in programma op ‘e boppeseal.