De wrâld fan Odysseus

Sjogge jim Fierwei al lizzen? Nee? Lit jimme ien dizze dagen ferliede en sjoch troch dizze kiker  by de Eagumer toer.  Op dit plak wurde jimme meinommen yn de histoaryske eftergrûn fan it libben fan Oeds en syn mannen. Dit bysûndere en fermaaklike stikje Oeds-skiednis is yn Eagum te besjen fan 27 juny o/m 15 july en is frij tagonklik at it stek fan it hôf iepen stiet.