Nei in spannende tiid fan oerlis mei ferskate partijen kin de supermerk dôchs foar it doarp bestean bliuwe. Sneon nimme Bauke en Adri ôfskie fan har winkel. Woansdei 5 oktober hat Alie Baarda fanôf 19.30 oere Lekker Makkelijk, in ‘iepen winkel’.
Sneon is der omtrint it ôfskie in feestelik programma. Om 14.00 oere is der in optreden fan de Jammerkastkes, wêrnei der om 16.00 oere in koart ôfskie is.