De sutelaksje yn Reduzum, Friens en Idaerd

Freed 10 oktober, fanôf 16.00, komt de sutelaksje by de doar del om it Fryske boek te ferkeapjen. Wolle jim dizze jûn net op de ferkeapers wachtsjen? Op skoalle delkomme kin ek. Fan 16.00- 21.00 kinne jim hjir ek terjochte foar fryske boeken.
Skriuwster Hilde Talsma sil fanôf 18.30 yn skoalle oanwêzich weze om har boeken te sinjeare. Fan’e opbringst giet 20 % nei de kuorbalklub Stânfries.