De stoel by de Swette

Wisten jo dat…  de stoel dy’t by de Swette stie, grif in soad ferhalen fertelle kin. Fan fiskers, fytsers en kuierders, en fan reedriders dy’t der gebrûk fan makke ha. Mar jimme hoege net benaud te wezen dat de lêste brûker de stoel nei de froast perioade fergetten is en dat der  no yn de Swette driuwen soe.
De bewenners fan de Nijlansdyk hawwe de stoel feilich efter it stek set.