De skiednis fan de Linepraet

De kuorbalkrante en de skoalkrante ferskynden geregeld, mar hiene gauris temin kopij. Of it nijs gie fia tsientallen losse briefkes yn de bus, de skoalbern moasten hiel faak op ‘en paad. Dizze eleminten wiene de basis foar de doarpskrante. Fan jannewaris 1979 ôf ferskynde de Linepraet. Suver alle ferieningen fan de fjouwer doarpen waarden lid foar 25 gûne yn it jier. In doarpskrante, dy’t dêrtroch by de ynwenners fergees hûs oan hûs troch de bus koe. De efterlizzende gedachte is, dat yn elke húshâlding wol immen lid is fan ien fan de oansletten doarpsferieningen.