As lyts famke hat frou Wiersma (83) tegearre mei har freondintsjes in klupke hân. Se neamden harsels ‘de salamanderklub’, om’t se allegear op ‘e freedsmerk in salamanderspjeltsje kocht hiene. No ’t se ferhúze is nei Greunshiem, moast it hûs leech en kaam datselde spjeltsje nei jierren wer foar ’t ljocht.