Famke Smit is yn desimber nei Reduzum ferhuze. In soad klasgenoaten hat se noch net moete en wêr die allegearre wenje, wit se ek noch net, om’t skoalle sluten is troch de lockdown. Mar Pier Zijlstra wist dêr wol wat op. Hy helle Famke fannemiddei nei skoaltiid op foar in rûnlieding troch it doarp. Famke fynt it hjir lekker restich, en je kinne hjir moai butenboartsje.