Yn septimber wurdt yn Grou in grut muzikaal lokaasjeteater opfierd. Dit Grouster spektakel hat ek in grutte Redúster ynbring. Sa is komponist Peter Sybenga ferantwurdlik foar de muzyk fan De man fan Myra. En sjonge Astrid Woltjer en Anneke de Boer mei yn de koaren dy’t it stik ûndersteune.