De krystbeam stiet wer yn de Prinsetún. In sparrebeam fan sa’n seis meter is dit jier skonken oan de Sakeklup troch familje Kamstra fan de Bangmastrjitte. As lyts krystbeamke hiene se de beam sa’n tsien jier lyn efter hús plante. En no wie der te grut foar syn standplak wurden. De buurtferiening de Prinsetún hat yn de beam ljochtjes hongen.