De lêste dei fan Moarns Ier’

It is oansteande,  30 septimber, de lêste dei…
Nei 125 jier makket de âldste aaisikersclub fan Fryslân, ‘Moarns Ier’, har op foar harren lêste dei. Yn sté fan in jubileumfiering wurdt it in dei fan betinking.vIn betinking yn eigen fermidden, yn eigen gea, mids fûgels en natoer. En it wurdt in moai betinken, alhiel passend yn de tradysje fan ‘Moarns Ier’.