De langste dei levert de sinnepanielen yn’t doarp in soad duorsume enerzjy op. De panielen lizze op skoalle, gymseal, sportkantine en by partikulieren, it oantal panielen per bewenner is boppe gemiddeld. Neist sinnepanielen levert de wynmûne ek duorsume enerzjy dêr’t hiele doarp fan profitearret. It giet de wynmûnegroep op’t heden net foar de wyn. Hooplik kriget de wynmûne fan de polityk mear stipe sadat de takomst der sinniger útsjocht.