Redúster Erik Jonker docht dizze wike mei oan de IFKS. Syn skûtsje dat as thúshaven Wytgaard hat, stiet mei noch twa wedstriden te gean op it fjirde plak yn de B Klasse. Skûtsjeskipper Erik fart mei syn bemanning sûnt 2007 mei de Jonge Rein yn de IFKS.