It liket better te gean mei it iepenbier ferfier. Der ride wer mear bussen en ek wer op snein. En no ride sûnt koart ek de Fryskers, de nije spesjaal foar Fryslân makke lytse bussen, troch Reduzum. No mar hoopje dat der mear gebrûk fan makke wurde sil as de lêste wiken dien wurdt.