De earste stappen binne set

Germ van Essen hat it der al wer drok mei. Hy hat 66 kaarten regele foar kuierders fan de Slachtemarathon en al in skema mei 16 rinrûtes klear sadat elts goed oefenje kin.
‘Justerjûn hat de projektlieder by ús del west om troch te praten hoe ’t it stik tusken Raerd en Easterwierrum kulturiel ynfuld wurde kin. De earste stappen binne dus set!’