De earste krânsen hingje oan de muorren

De Keningspartij wie de earste fan it jier. It keatsseizoen is dus wer los. It waar hie dizze dei wol wat better en waarmer kinnen. Mar waar of gjin waar, om de prizen wurdt der fansels altiten keatst. As der noch minsken binne mei hoepels of âlde krânsen thús, dan wol de keatsferiening se graach wer hawwe. Jo kinne se skjin ynleverje by Marco Zijlstra, Headstrjitte 48